As lytse jonge mei gitaar yn de optocht fan Dokkum. Sa begûn it. In fleurich, kreatyf jonkje, sljocht fan sjongen. Om syn fjirtichste hinne waard it tiid om ris efterom te sjen: wêr wie dat fleurige, kreative jonkje mei syn gitaar? Hy naam opnij gitaarles en ûntduts dat sels lieten meitsje foar him moaier wie as lieten fan oaren te sjongen.
By de berte fan syn earste pakesizzer skreaun er "Basje". Op oantrúnjen fan freonen stjoerde hy it yn foar it Frysk sjongfestival Liet 1995. It waard útkeazen foar de finale. Fan it iene kaam it oare. Bauke waard frege “Basje” foar de radio te sjongen en sa kamen ek de earste optredens. Hy folge in liet-skriuwerskursus fan it FLMD by Doede Veeman en Piter Wilkens. Letter trof hy Jurjen van der Meer. Hy frege Bauke of it net tiid wie om in tal lieten op cd te setten. Sa waard de earste cd ‘Beklonken Leafde’ opnommen. Wer letter folgen “It slyt mar net’- en “Skaadman”. In tal betûfte gastmuzikanten wurken mei, sa as Hans Voerman, Frederike Kleefstra, Jan Ottefanger, Riemer Soolsma en Campbell Forbes. Dy gearwurking wie in boppeslach. Sûnt dy tiid is Campbell fêste begelieder fan Bauke en binne se in net mear by mekoar wei te tinken duo. It tal optredens groeide. Sa fersoargen se ek programma's yn gearwurking mei skriuwer Hylke Speerstra. Dy gearwurking brocht Bauke yn 2002 yn Kanada en Amearika dêr’t er optredens foar de Friezen om útens fersoarge. Yn 2005 mocht Bauke itselde dwaan foar de Friezen yn Nij Seelân. Ek wiene Bauke en Campbell te sjen en te hearren op Omrop en TV Fryslân en foar de VPRO Radio. Yn 2006 groeide it duo út ta in trio en sels ta in kwartet. John Eskes, gitarist, akkordeonist en arrangeur skode oan as ekstra begelieder. John is in betûft musikus en is ûnder oaren bekend as muzikaal lieder fan Paul van Vliet en Rients Gratama. As slachwurker kaam Hans Sambrink der by. Yn maart 2007 kaam harren cd “Swart Wyt” út en yn novimber 2011 de nijste: "Moed en Nocht". Yntusken ha Bauke en Campbell in eigen publyk witte te binen mei in hiel eigen lûd. Campbell Campbell waard berne op ’e Bahamas. Op syn fjirtjinde krige er fan syn heit in gitaar. Doe’t er sechtjin wie woe er graach gitarist wurde by de ‘High School Band’. Mar dêr spile al in gitarist. Dy helle syn eindiploma en sa koe Campbell as bassist oan ’e slach. Nei syn eksamen gie er nei ‘College’ yn Amearika om ynternasjonale betrekkings te studearjen. Hy liet de skoalle foar wat it wie, gie werom nei de Bahama's en sette him mei fol enerzjy ta de bas. Dat ynstrumint waard syn grutte leafde. Hy waard beropsmuzikant en wurke op de Bahamas mei in protte topformaasjes. Twa jier spile er yn ‘Beginning of the End’. Dizze band hie in wrâldhit mei ‘Funky Nassau’ (mear as trije miljoen cd’s ferkocht) Súksesfolle toers troch Amearika en Kanada folgen. Yn 1985 troude Campbell mei in Nederlânse. Fiif jier letter kamen se yn Nederlân wenjen; earst yn Amsterdam, letter yn Harns. Dêr begûn Campbell de band ‘Frees Carib’. Fryske muzikanten dy’t ûnder syn lieding Karibyske muzyk mei in Frysk sauske spilen. Ek spile hy noch yn in grut tal oare bands. Yn 1999 frege Bauke of hy meiwurkje woe oan de cd ‘It slyt mar net’. Dat wie foar him in nije útdaging. By de presintaasje fan de cd liet it publyk witte de gearwurking tige te wurdearjen. Campbell waard Bauke’s fêste begelieder en begûn sels ek Frysk te sjongen. In protte optredens folgen. Hjirtroch begûn Campbell him wat langer wat mear Fries te fielen. (‘Ik moat no bytiden yn ’e spegel sjen om te witten dat ik swart bin...’) Muzyk makke foar him yntegraasje yn Fryslân in stik makliker. Ien fan Campbell syn kredo’s is dat muzyk de brêge nei de minsken is. Soest sizze kinne dat hy op dizze wize dochs noch in bydrage levert oan de ynternasjonale betrekkings. Yntusken fielt hy himsels in echte Fries. Hy is der grutsk op dat hy mei Bauke in eigen publyk wit te berikken.